Operaesje Fers
Nederlands   Frysk  

Operaesje Fers

Earste útstjoering

Op freed 16 febrewaris 1968 gie 'Operaesje Fers' fan start. Wa't it tillefoannûmer fan Josse de Haan yn Hjerbeam skille, krige in antwurdapparaat dat twa gedichten ôfspile. It nijs oer it nije medium kaam de sneons yn de provinsjale blêden, de wyks dêrnei yn de lanlike parse. Dat hie in ferbjusterjend effekt. Geart van der Zwaag, ien fan de oprjochters fan Operaesje Fers, skriuwt dêr hiel smaaklik oer yn Trotwaer yn 1983:

'De teller fan it apparaat joech in frekwinsje oan fan trochinoar 1000 oproppen it etmel. Dat wiene de slagge ferbiningen allinne noch mar. Dêrefter siet fral oerdei noch in macht fan oanhâldende stomprinnende ympulsen, dy't de 3500-siferrige sa slim belêstigen, dat in protte abonnees alhiel net mear te berikken wiene. Dêr wiene ek ynstellings by fan saneamd fitaal belang. (...) Dat gie sa de moanne febrewaris út. Doe wie it ôfrûn. Wy mochten gjin fersen mear útstjoere. De Fryske poëzij paste net yn it systeem.'

Mear linen

De PTT sleat de line ôf en easke fan de organisaasje dat dy mei syn apparaat nei Ljouwert ferhuze en mear linen yn gebrûk naam. Dat slagge, en op 2 april 1968 kamen der twa nije nûmers yn Ljouwert, 31313 foar de Fryske line en 31343 foar de Nederlânske. Dêrmei krige Operaesje de fuotten ûnder it gat, en waarden de doelstellings wiermakke: poëzij by de minsken bringe, yn mear talen. It hiele jier 1968 gie de striid om subsydzje te krijen troch, mar yn desimber wie it sa fier dat de stêd Ljouwert, de Provinsje en CRM allegear wat joegen.

Van der Zwaag: 'It wie slagge en brûs mei de poëzij yn 'e tiid fan in moanne of tsien troch de technyske, literêre, amtlike, bestjoerlike en politike systemen hinne. It mocht ús dan fierstente stadich gean, foar Nederlânske begripen koe it net flugger.'

Idee

It idee om poëzij oer de tillefoan út stjoeren wie opkommen op in gearkomste fan de 'Skriuwersrûnte Koartehimmen', begjin novimber 1967. It kaam fuort út it ferlet fan de oanwêzige dichters om har teksten sa gau mooglik ûnder de minsken te krijen. Dat paste yn de tiidgeast; de nije poëzij wie aktueel, boartlik, kritysk en rjochte op kommunikaasje. Yn in breinstoarmsesje wie it Baron Sixma van Heemstra (1916 - 1999) dy't mei it idee kaam om in antwurdapparaat te brûken. Meindert Bylsma, Josse de Haan en Geart van der Zwaag wurken de ideeën út en foarmen de earste redaksje fan Operaesje Fers. Yn de rin fan 1968 kamen Reinder van der Leest en Meta van IJzer út Den Haach dêr by. Klaas Tuinenga rette mei de technyske kant.

Fierder ferrin

Yn april 1968 krige OF de foarm fan in stifting. Bestjoer en redaksje kamen sadwaande los fan elkoar te stean. Foar dizze ynternetside is it fierdere riden en farren fan OF net yn detail útsocht. Troch de jierren hinne stie der alle tiisdeis en freeds in farsk fers op 'e line, al blykt dat net út wat hjir te beahrkjen falt: de jierren 1979-1980 en 1984-1989 misse alhielendal. Mar doe is der wol útstjoerd; it materiaal sil fierder om socht wurde. Yn 1994 makke Jan Buruma de lêste opnames. It antwurdapparaat stie doe by it FLMD op souder.
De nammen fan Hein van der Vliet en Anneke de Vries meie op dit plak net misse. Sy wienen fan 1981 ôf warber as redaksjeleden, Anneke loek har werom doe't se in famke krigen, mar Hein hat hast oan de ein ta warber west en wie oeral te finen dêr't dichters optreden, om dat letter fia OF wer út te stjoeren.  Dichtersjûn
Wapenfeiten fan OF út letter tiid binne it útbringen fan twa nijsgjirrige blomlêzingen, Kar út 15 jier Operaesje Fers yn 1983 en Sulver yn 1993. By it earstneamde boekje siet fêst ferpakt in kasettebantsje mei sa'n 80 fersen. Fierder waarden ek ferskate kearen setsjes mei poëzijkaarten útbrocht.

Artikels fan Geart van der Zwaag

De trije artikels fan Van der Zwaag, 'It ûntstean fan Operaesje Fers' (27 siden), binne hjir te lêzen en byneed te delladen as pdf-bestân: diel 1,  diel 2  en  diel 3.
Fierder is it ien en oar te lêzen yn de ynliedingen fan de neamde twa blomlêzingen. Dêrnêst kin noch wiisd wurde op in artikel fan Jan Wybenga, ek yn Trotwaer fan 1983, 'Om 'e kant hinne 3' (p. 164-168), dêr't er ûnder oare kritysk yn reagearret op it stik fan Geart van der Zwaag.

De earste trije fersen

De earste trije fersen dy't OF útstjoerde:

     'Operaesje Fers kommunisearret' - Josse de Haan  Ofspylje
     'Proast' - Meindert Bylsma  Ofspylje
     'Frisian news'- Geart van der Zwaag  Ofspylje

By de werstart yn april 1968 waard de folgjende tekst fan Meindert Bylsma yn fiif talen útstjoerd: 'se hawwe my in nij nûmer jûn leafste'  Ofspylje

Mear oer de begjintiid

Foar noch mear kranteknipsels oer de begjintiid fan Operaesje Fers en foar fraachpetearen mei Meindert Bylsma en mei Willem Abma: klik hjir.

Ridels

Operaesje Fers iepene mei in elektroanyske ridel, makke troch Wybren Veeman:  Ofspylje
Yn 1982 waard dy ferfongen troch in harpe-akkoard, spile troch Roel Slofstra, itselde dat jo hearre op de wolkomsside fan dizze site. Ofspylje

Gjin Gysbert-Japicxpriis

Yn 1969 joech de advyskommisje fan de Gysbert-Japicxpriis oan Deputearre Steaten it advys om de priis dat jiers ta te kennen oan Stifting Operaesje Fers. DS namen dat advys net oer, omdat de priis op reglemintêre grûnen net takend wurde koe oan in Stifting.
Gysbert Japix liet oarekant de Styx wei fan him hearre en konstatearre dat kultuer en regleminten blykber noch altyd mei elkoar flokten, dat wie trijhûndert jier lyn ek al sa.  Ofspylje
Sadwaande besleat de redaksje fan Trotwaer om dan sels mar de GJ-priis út te rikken oan Operaesje Fers, ynklusyf it jildbedrach fan f.1500,-.

Foto: 9 oktober 1969, Sixma baron van Heemstra kriget de GJ-priis út hannen fan Steven de Jong op de Lange Piip yn Ljouwert.
Fierder op de foto Meindert Bylsma (achter Sixma), Josse de Haan en Willem Abma.

Oer dizze site

It lûdsargyf fan Operaesje Fers bestiet út allegear grutte bânrekorderbannen dêr't per jier it materiaal op sammele is. Der sit gjin oar systeem yn as de gronology.
Alle opnames binne yn de rin fan de jierren digitalisearre troch Tsjisse Hettema, av-meiwurker fan Tresoar. Sadwaande kin it no op in oardere wize oan it publyk beskikber steld wurde. Miskien is it oerstallich te sizzen, mar wy wize der hjir noch in kear op dat der in grut ferskaat is yn de kwaliteit fan de opnames.

Plannen

Mei it iepenjen fan dizze webside op Nasjonale Gedichtedei 27 jannewaris 2005 is de webside net klear.
  • Net alle bannen út it OF-argyf binen digitalisearre, bygelyks dy út de jierren 1984-1989. Wy hoopje dat dat mei ferrin fan tiid noch dien wurde kin.
  • Wy sille sykje nei mooglikheden om de minne opnamen by te helpen.
  • Foar de dokumintaasje oer Operaesje Fers sil Tresoar ek wurk meitsje fan in list fan alle redakteuren fan 1968 ôf.

Rjochten en kredits

Tresoar hat foar it pleatsen fan it OF-materiaal op syn site alle war dien tastimming te krijen fan dichters en rjochthawwers. De measten hawwe, foar safier't wy har berikke koene, belangeleas tastimming jûn om it materiaal op it ynternet te setten. It Bestjoer fan de Stifting Operaesje Fers joech allyksa entûsjast syn fiat.
Tresoar is alle betrutsenen tige erkentlik. Tank ek oan de kollega's fan it Letterkundig Museum yn Den Haach, dy't ús skewielden om dichters en rjochthawwers te finen.

Yn it gefal dat der gjin tastimming jûn waard, is de opname allinne te beharkjen binnen Tresoar sels, Bûterhoeke 1, Ljouwert.

Wa't fan betinken is dat er rjochten jilde litte kin, wurdt minlik fersocht kontakt op te nimmen mei Teake Oppewal, Tresoar (Tel. 058-7890789) .

Nei boppe